1 Kroniken & 2 Kroniken | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | דברי הימים ("Diḇrei ha-Yamim") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 350 – 300 f.Kr. (?) | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | 1 en 2 Keningen | |
● folgjend diel | Ezra | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | 1 Kroniken & 2 Kroniken | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
1 Kroniken en 2 Kroniken binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 13de en 14de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Kroniken, yn it oarspronklike Hebriuwsk: דברי הימים, Diḇrei ha-Yamim ("De Dingen fan 'e Dagen"), it 24ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"). Yn it Gryksk hjitte de beide boeken Παραλειπομένων, Paralipomenon ("De Dingen Dy't Weilitten Binne"). Yn 1 Kroniken en 2 Kroniken wurdt de hiele skiednis fan 'e Israeliten nochris op 'e nij oereide, begjinnend by Adam, de earste minske, en einigjend mei de fal fan Jeruzalim en de Babyloanyske Ballingskip. Dêrmei rinne de beide boeken benammentlik lykop mei 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen. Oer it algemien wurde de Kroniken dan ek beskôge as in oanfolling dêrop. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Kroniken en 2 Kroniken stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.