AVN Award | ||
De útrikkingsseremoanje yn 2012. | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | pornografyske film | |
útrikt troch | AVN | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | jannewaris | |
plak | Las Vegas (Nevada) | |
ynsteld | 1984 | |
1e útrikking | 1984 | |
offisjele webside | ||
www.avnawards.com |
De AVN Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films en alles dat dêrmei te krijen hat. Dizze prizen wurde útrikt troch AVN (Adult Video News), it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Krekt as Amerikaanske mainstream-prizen (Oskar, Emmy, Tony, ensfh.) hawwe ek dizze prizen in bynamme krigen, ntl. de Woody (wat sawol in foarnamme is as in sprektaalterm foar "ereksje"). De AVN Awards wurde wol de Oskars fan 'e pornoyndustry neamd, mei't se op har eigen mêd in ferlykbere prestizjeuze status hawwe. Se binne opparte yn hast 100 ferskillende kategoryen.