A Good Day to Die Hard

A Good Day to Die Hard
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Moore
produsint Alex Young
Wyck Godfrey
senario Skip Woods
kamerarezjy Jonathan Sela
muzyk Marco Beltrami
filmstudio Giant Pictures
TSG Entertainment
Temple Hill Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Bruce Willis
Jai Courtney
byrollen Sebastian Koch
Jûlija Snigir
Radivoje Bukvić
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 31 jannewaris 2013
foarm langspylfilm
sjenre spionaazje-aksjefilm
taal Ingelsk en Russysk
spyltiid 97 minuten
budget en resultaten
budget $92 miljoen
opbringst $304,7 miljoen
filmsearje
filmsearje Die Hard
● foarich diel Live Free or Die Hard

A Good Day to Die Hard is in Amerikaanske spionaazje-aksjefilm út 2013 ûnder rezjy fan John Moore, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Jai Courtney. De titel betsjut "In Goede Dei om Dreech te Stjerren". It ferhaal folget de Amerikaanske plysjeman John McClane as er him nei Ruslân bejout, dêr't syn soan Jack terjochtstean moat foar moard. McClane syn "fakânsje", sa't er it sels oanhâldend neamt, nimt in ûnferwachtse kear as Jack oan 'e Russyske autoriteiten ûntsnapt en bliken docht dat er foar de CIA wurket. A Good Day to Die Hard is it fyfde diel fan 'e Die Hard-filmsearje. De slogan fan 'e film is "Yippee-ki-yay, Mother Russia" (in wurdboarterij op 'e bekende útspraak fan McClane "Yippee-ki-yay, motherfucker" en "mem Ruslân", sa't de Russen harren heitelân neame). Fan 'e filmkritisy krige A Good Day to Die Hard yn oerweldigjende mjitte negative resinsjes, wêrby't de krityk him benammen taspitste op it ûnoannimlike útgongspunt, de swakke plot en it mei klisjees ôfmakke senario. Nettsjinsteande dat wie de film in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne