Aayla Secura personaazje út Star Wars | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | Twi'lek | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Mace Windu Yoda Shaak Ti Luminara Unduli Plo Koon | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2002 |
Aayla Secura (útspr.: [ˈeːlɑ səˈkuːɹɑ], likernôch: "ee-la suh-kûû-ra") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Sy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Twi'leks. Aayla Secura waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) spile troch aktrise Amy Allen. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Secura ynsprutsen troch stimaktrise Jennifer Hale, dy't ek in stimcameo yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) foar har rekken naam.