Abdij fan Lorsch

Abdij en Altenmünster fan Lorsch
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Lorsch
UNESCO folchnûmer 515bis
kritearia (iii)(iv)
ynskriuwing 1991 (15e sessy)
útwreiding 2011
gebiet 3.34 ha
buffersône 29.65 ha
Webside
kloster-lorsch.de
Kaart
Abdij fan Lorsch (Dútslân)
Abdij fan Lorsch
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Abdij fan Lorsch yn 'e Dútske stêd Lorsch yn Hessen leit sa'n 10 km beëasten Worms.

Poartegebou fan Lorsch.

It Sint-Nazariuskleaster waard yn 764 as in Benediktynsk kleaster stichte troch greve Cancor en syn mem Williswinda. Chrodegang, biskop fan Metz, wie de earste abt fan Lorsch. It kleaster wie oant yn 'e hege midsiuwen as rykskleaster in machts-, geastlik en kultureel sintrum fan 'e krite. Sûnt 1232 foel de abdij ûnder Kar-Mainz en it wie nei 1248 in Premontratinzerske proasdij. Yn 1461 waard de proasdij oan Kar-Palts ferpâne.

Nei de ynfiering fan 'e reformaasje ûnder karfoarst Otto Hindrik yn 1556 waard it kleaster yn 1564 opheft. De krite hie slim te lijen fan 'e Tritichjierrige Kriich. Yn 1621 plonderen Spaanske troepen it eardere kleaster en de measte gebouwen waarden ôfbaarnd. Nei't de aarstbiskop fan Mainz it gebiet wer ynnaam, waard de regio wer roomsk. De eardere adbij bleau in ruïne en de gebouwen tsjinnen as in stiengroeve. Allinne de poarte fan it kleaster bleau yntakt.

Belangrike oantinkens oan 'e abdij binne de Lorscher Codex (Codex Laureshamensis), in útwrydsk eigendomsregister, it Lorscher Evangeliarium (Codex Aureus Laureshamensis) en ek de Lorscher Bienensegen (de Lorscher Bijesegen), de eardere bibleteek en it poartegebou fan it kleaster, ek wol keningshal (Königshalle) neamd, ien fan 'e seldsume, folslein bewarre Karolingyske bouwurken.

It kleaster Lorsch (Abdij en Altenmünster) is sûnt 1991 wrâlderfgoed fan UNESCO. De Lorscher Farmacopee, in manuskript út de ein fan 'e 8e iuw, waard yn 2013 ek ta wrâlddokumintenerfgoed yn Dútslân ferklearre.[1]

  1. UNESCO, oproppen 14 novimber 2024.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne