Agamemnon | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ἀγαμέμνων | |
auteur | Aiskylos | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 458 f.Kr. | |
1e opfiering | 458 f.Kr., Atene | |
rige | ||
rige | Oresteia | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Agamemnon | |
publikaasje | 1993, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | gjint |
Agamemnon, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ἀγαμέμνων, Agamemnōn, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aiskylos (±525-±455 f.Kr.). It is in trageedzje dy't ferhellet oer de thúskomst fan 'e Myseenske kening Agamemnon nei syn lang befochten oerwinning op 'e Trojanen yn 'e Trojaanske Oarloch, en oer syn dea troch de hân fan syn frou Klytemnêstra. Agamemnon heart ta de toanieltrilogy Oresteia, dêr't it it earste diel fan foarmet. Yn 'e mande mei de oare beide dielen dêrfan wûn it by de jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus yn 458 f.Kr. de earste priis. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1993.