Aiskylos | ||
skriuwer | ||
In boarstbyld fan Aiskylos yn it Kapitolynsk Museum, te Rome. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Aiskylos (Αἰσχύλος) (Aeschylus, Aischylos, Aiskulos) | |
nasjonaliteit | Ateensk | |
berne | ±525 f.Kr. | |
berteplak | Eleusis (Attika) | |
stoarn | ±455 f.Kr. | |
stjerplak | Gela (Sisylje) | |
etnisiteit | Gryksk | |
wurk | ||
taal | Aldgryksk | |
sjenre | toaniel, poëzij | |
perioade | Klassike Aldheid | |
bekendste wurk(en) |
Perzen Oresteia-trilogy | |
jierren aktyf | 499 – 455 f.Kr. | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Aiskylos, Aischylos, Aeschylus of inkeld ek wol Aiskulos (yn it Aldgryksk: Αἰσχύλος, Aischylos; ±525 – ±455 f.Kr.), wie in ferneamd Ateensk toanielskriuwer yn it âlde Grikelân. Hy wie de earste fan 'e trije grutte Aldgrykske trageedzjeskriuwers (de oare beide binne Sofokles en Euripides), en wurdt gauris beskôge as de geastlike heit fan it trageedzjesjenre. De hjoeddeiske kennis fan dy toanielfoarm giet werom op syn wurk, wylst oer de dêroan foarôfgeande tradysje inkeld bekend is wat der út syn stikken oer opmakke wurde kin. Yn Aiskylos syn likernôch tachtichjierrich libben skreau er santich oant njoggentich trageedzjes, mar dêrfan binne mar sân bewarre bleaun (en oangeande it auteurskip fan ien dêrfan, Prométeüs Bûn, besteane al langere tiid twifels). De bekendsten fan syn oerlevere stikken binne Perzen en de Oresteia-trilogy.