Alde Katedraal (Salamanca)

Alde Katedraal (Salamanca)
Portaal
Portaal
Lokaasje
lân Spanje
regio Kastylje en Leön
plak Salamanca
koördinaten 40° 57' N 5° 39' E
Tsjerklike gegevens
bisdom Salamanca
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 12e-14e iuw
boustyl Romaanske en goatyske styl
Webside
Side fan de katedraal
Kaart
Alde Katedraal (Spanje)
Alde Katedraal

De Marijekatedraal, ek bekend ûnder de Alde Katedraal (Spaansk: Catedral Vieja de Santa María del Asedio), is ien fan de twa katedralen yn de Spaanske stêd Salamanca. De katedraal waard stifte troch biskop Jerome fan Périgord, oarspronklik in Frânske muonts dy't biskop fan ferskillende Spaanske bisdommen waard, en de bou begûn yn it tredde diel fan de 12e iuw. De foltôging fûn plak tsjin it ein fan de 14e iuw yn romaanske en goatyske styl. Fral it krewearjen fan biskop Alfonso Barasaque soarge foar faasje yn de foltôging fan de bouwurksumheden. Mei de letter boude Nije Katedraal (Salamanca) foarmet de Alde Katedraal ien kompleks.

Sûnt 1887 hat de katedraal de status fan monumint.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne