Aldfrankysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Frankysk | |
taalgebiet | Ryn-, Maas- en Skeldedelta en noardlik Frankryk | |
skrift | runen, Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Aldfrankysk | |
skaaimerken | ||
tiidrek | 3e-7e iuw | |
ûntstien út | Súdwestgermaansk | |
ûntjûn ta | ● Aldmiddeldútsk ● Aldnederfrankysk | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | frk |
It Aldfrankysk (of ek wol gewoan Frankysk) wie de Westgermaanske taal dy't sprutsen waard troch it folk fan 'e Franken yn in gebiet dat no súdlik Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, westlik Dútslân en noardlik Frankryk beslacht. Dizze taal bestie rûchwei fan 'e earste oant de sânde iuw en kaam fuort út 'e Ryn-Wezer-dialekten fan it eardere Súdwestgermaansk. Tsjin 'e sânde iuw ûntjoegen de noardlike dialekten har ta it Aldnederfrankysk en letter it Aldnederlânsk, en de eastlike ta it Aldmiddeldútsk, wylst it Aldfrankysk yn it suden stadichoan ferkrongen waard troch it (net besibbe) Aldfrânsk.