Aldnederfrankysk

Aldnederfrankysk
algemien
taalgebiet Ryn-, Maas- en Skeldedelta
skrift runen, Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Aldnederfrankysk
dialekten Aldeastnederfrankysk,
Aldwestnederfrankysk
skaaimerken
tiidrek 7e-11e iuw
ûntstien út Aldfrankysk
ûntjûn ta Aldlimboarchsk
Aldnederlânsk
taalkoades
ISO 639-3 odt

It Aldnederfrankysk wie de Westgermaanske taal dy't fan 'e sânde oant de alfde iuw sprutsen waard yn 'e Ryn-, Maas- en Skeldedelta fan it hjoeddeistige súdlik Nederlân, noardwestlik Belgje, westlik Dútslân en noardlik Frankryk. It Aldnederfrankysk ûntjoech him yn 'e sânde iuw út it Aldfrankysk, de taal fan 'e Franken, en bestie út twa haaddialekten: it Aldeastnederfrankysk en it Aldwestnederfrankysk. Ut it Aldnederfrankysk ûntjoegen har neitiid de Nederfrankyske talen.

It Aldnederfrankyske taalgebiet (giel) neffens de filolooch Peter-Alexander Kerkhof, 2020 (sa likernôch; feitlik wiene der gjin skerpe grinzen tusken Germaanske dialektgroepen).

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne