Aleksanderje

Aleksanderje
اسكندرية
Bestjoer
Lân Egypte
Sifers
Ynwennertal 6.100.000 (2023)
Oerflak 2.679 km²
Befolkingsticht. 4.548,7 / km² (2017)
Hichte 5 m
Oar
Stifting 331 f.Kr.
Tiidsône EST UTC+2
Offisjele webside
www.alexandria.gov.eg
Lizzing fan Aleksanderje yn Egypte

Aleksanderje of Aleksandrje (Arabysk: الإسكندرية / al-ʼIskandariyyah; Ald-Gryksk: ̉Αλεξάνδρεια) is in stêd yn it noarden fan Egypte, oan de Midlânske See en de op ien nei grutste stêd fan dat lân. It leit oan de noardwestpunt fan de Nyldelta.

De stêd is ferneamd nei Aleksander de Grutte, dy't in wrâldryk festige dêr't ek Egypte part fan wie. Fanwege Aleksander boude de Grykske arsjitekt Dinokrates om-ende-by 330 f.Kr. de stêd. Aleksanderje wie ien fan de protte stêden dy't yn opdracht fan Aleksander stifte waarden en allegearre nei him ferneamd.

Tsjintwurdich is Aleksanderje in grutte stêd mei in befolking fan om-ende-by 4 miljoen ynwenners. Der is in wichtige gemyske yndustry festige mei ferskate technologyske bedriuwen. Yn de simmer komme in soad begoedige Egyptenaren nei de stêd fanwege it relative koele en noflike seeklimaat.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne