Gemeente Alkmar
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Noard-Hollân | ||||||
Boargemaster | Piet Bruinooge | ||||||
Haadplak | Alkmaar | ||||||
Oerflak - wetter |
117,83 km² - 1 km² | ||||||
Ynwenners | 108.578 | ||||||
Ferkearsieren | A9 en N9 | ||||||
Netnûmer | 072 | ||||||
Postkoades | 1800 - 1827 | ||||||
Offisjeel webstee | www.alkmaar.nl |
Alkmar (Nederlânsk en offisjeel: Alkmaar, Westfrysk: Alkmare) is in stêd en gemeente yn de regio West-Fryslân (foar in part) yn de provinsje Noard-Hollân. Alkmar krige yn 1254 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. De gemeente bestie oant ein 2014 út de stêd Alkmar, Oudorp (sûnt oktober 1972) en in part fan Koedijk. Sûnt 2015 omfiemet de gemeente Alkmar it gebiet fan de eardere gemeenten Skermer en Graft-De Rijp. De gemeente Alkmar hie op 1 jannewaris 2019 108.578 ynwenners op in grûngebiet fan 110,68 km² (sûnder wetter), dat in befolkingstichtens jout fan goed 968 inw./km². It is neffens ynwennertal de fyfde gemeente fan Noard-Hollân, nei Amsterdam, Haarlim, Haarlimmermar en Saanstêd. De gemeente leit yn de gearwurkingsregio Kennemerlân en in part yn West-Fryslân. De stêdekloft fan Alkmar telt wol sa'n 318.327 ynwenners. De stêd is ferneamd om syn tsiismerk.