American Music Award

American Music Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar muzyk
útrikt troch Dick Clark Productions
   foar ABC
frekwinsje 1x jiers
datum ein novimber
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 1973
1e útrikking 1973
offisjele webside
www.theamas.com

De American Music Awards of AMA's binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier by in seremoanje yn 'e twadde helte fan novimber yn Los Angeles útrikt wurde foar de bêste muzikale wurken fan it foargeande jier. Oant 2003 waarden se yn novimber fan itselde jier útrikt. De American Music Awards waarden yn 1973 ynsteld troch presintator en tillefyzjeprodusint Dick Clark (1929-2012) foar de stjoerder ABC, nei't dy de útrikkingsseremoanje fan de wichtichste Amerikaanske muzykprizen, de Grammy Awards, ferlern hie oan konkurrint CBS.

Oars as de Grammys, dy't tawiisd wurde op grûn fan in stimming ûnder de leden fan 'e Recording Academy út 'e muzykyndustry sels, wurde de winners fan 'e AMA's beslist troch in opinypeiling ûnder de muzykkeapers en it bredere publyk. De útrikkingsseremoanje is yn 'e hannen fan Dick Clark Productions, foar ABC. Dejinge dy't de measte AMA's ea wûn hat, is sjonger Michael Jackson, dy't der troch de jierren hinne 26 fan opgarre hat. De meast bekroande band is Alabama, mei 23, en de sjongster dy't it meast yn 'e prizen fallen is, is Whitney Houston, mei 22 AMA's. Der binne 22 kategoryen, mei as wichtichsten "artyst fan it jier" en "nije artyst fan it jier".


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne