Amerikaansk Hynder de Aldere | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wašíčuŋ Tȟašúŋke | |
oare namme | American Horse | |
berne | 1830 | |
berteplak | ? | |
stoarn | 10 septimber 1876 | |
stjerplak | Slim Buttes (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Oglala | |
jierren aktyf | ±1865 – 1876 |
Amerikaansk Hynder (Lakota: Wašíčuŋ Tȟašúŋke, útspr.: [wa'ʃi:ʧũ tˣa'ʃũ:ke]; Ingelske oersetting: American Horse; 1830 – 10 septimber 1876) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Om betizing mei in oare Amerikaansk Hynder foar te kommen, wurdt er yn 'e regel betitele as Amerikaansk Hynder de Aldere (in gebrûk dêr't de Amerikaanske histoarikus George E. Hyde mei úteinset is). Hy stie bekend om syn ûnbûchsume moed en eare, en focht û.m. mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Krapoan in fearnsjier letter kaam er om nei in Amerikaanske oanfal op syn doarp.