Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint United States 7th Cavalry Regiment | |
---|---|
wapen |
embleem |
The Seventh First | |
algemiene gegevens | |
lân | Feriene Steaten |
ûnderdiel | Amerikaanske Leger |
soarte | kavalery |
bysûnderheden | |
haadkertier | Fort Hood (Teksas) |
sterkte | ±1.000 man |
aktyf | 1866 – no |
bynamme | "Garryowen" |
marsliet | Garryowen |
konflikten | |
● Komantsjekampanje ● Bloedbad oan de Washita ● Yellowstone-ekspedysje ● Ekspedysje nei de Black Hills ● Grutte Sû-Oarloch fan 1876 ● Slach oan de Little Bighorn ● Nez Persé-Oarloch ● Krieë-Oarloch ● Geastedûnsoarloch ● Bloedbad fan Wounded Knee ● Gefjocht by Drexel Mission ● Filipynsk-Amerikaanske Oarloch ● Meksikaanske Strafekspedysje ● Twadde Wrâldoarloch ● Koreaanske Oarloch ● Fjetnamoarloch ● Earste Golfoarloch ● Twadde Golfoarloch ● Irakoarloch ● Oarloch yn Afganistan |
It Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint (Ingelsk: United States 7th Cavalry Regiment) is in rezjimint fan 'e kavalery fan it Amerikaanske Leger, dat yn 1866 oprjochte waard en tsjintwurdich legere is yn Fort Hood, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. De bynamme fan dit lânmachtûnderdiel is "Garryowen", nei de Ierske folkswize Garryowen, dy't oannommen waard as it marsliet fan it rezjimint. It 7e Kavaleryrezjimint wie koart nei syn oprjochting belutsen by ferskate konflikten dy't ta de Flakte-Yndiaanske oarloggen rekkene wurde, wêrûnder it Bloedbad fan de Washita, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, de Nez Persé-Oarloch en it Bloedbad fan Wounded Knee. Letter tsjinne de ienheid yn 'e Twadde Wrâldoarloch, de Koreaanske Oarloch, de Fjetnamoarloch, de Earste Golfoarloch, de Twadde Golfoarloch en de Irakoarloch. It 7e Kavaleryrezjimint is lykwols it bekendst wurden troch de swiere nederlaach dy't it litte yn 'e Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, tsjin in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Yn totaal waard oan 52 soldaten en ofsieren fan 'e 7e Kavalery de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, wêrfan oan 45 ûnder de Yndiaanske oarloggen en 7 kear ûnder de Fjetnamoarloch.