Amerikaanske presidintsferkiezings | |||||
<< 2012 • 8 novimber 2016 • 2020 >> | |||||
opkomst: 55,7% | |||||
wichtichste presidintskandidaten
| |||||
fise-presidintskandidaten
| |||||
ferkiezingsútslach
| |||||
útslach nei steat | |||||
Utslach nei steat mei it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje oanjûn. Der binne 270 kiesmannen nedich om te winnen. (Yn 2016 wiene der in stikmannich 'ûntrouwe kiesmannen', dy't har eigen sin diene en har stim útbrochten op kandidaten fan eigen kar.) |
De Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 waarden op 8 novimber 2016 holden. Donald Trump waard mei dizze 58ste presidintsferkiezing mei in mearderheid oan kiesmannen keazen as presidint fan de Feriene Steaten.
Formeel waarden op 8 novimber 2016 allinnich de kiesmannen fan it kieskolleezje keazen, dy't op 19 desimber 2016 stimme sille op de presidintskandidaten. De presidintskandidaat mei 270 of mear kiesmannen fan it kieskolleezje wint de presidintsferkiezing. Lykas fêstlein yn de grûnwet sil de winner fan de presidintsferkiezings op 20 jannewaris 2014 beëdige wurde.
Tagelyk mei de presidintsferkiezings waarden der ek ferkiezings holden foar it Amerikaansk Kongres (Amerikaanske Senaat en it Hûs fan Offurdigen) holden.