Anaheim (Kalifornje)

Anaheim
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Orange County
Sifers
Ynwennertal 336.265 (2010)
Oerflak 131,6 km² (ynkl. wetter)
129,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.600 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 48 m
Oar
Stifting 1857
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 33°50′10″N 117°53′23″W
Offisjele webside
www.anaheim.net
Kaart
De lizzing fan Anaheim yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje.

Anaheim is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, oan 'e rivier de Santa Ana. Neffens materiaal fan 'e folkstelling fan 2010 hie it doe in befolking fan goed 336.000 minsken, en dêrmei is it de grutste stêd fan Orange County, mei't it rom 10.000 ynwenners mear hat as it deunby lizzend haadplak fan 'e county, Santa Ana. Fierders is Anaheim de tsiende stêd fan Kalifornje, en 54ste fan 'e hiele Feriene Steaten. It heart ta de agglomeraasje fan Los Angeles, dy't in ynwennertal fan goed 12,8 miljoen hat. Anaheim stiet fral bekend om't it de lokaasje is fan it wiidferneamde ferdivedaasjepark Disneyland.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne