Anglo-Romany | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Anglo-Romani, Angloromany, Angloromani, Ingelsk Romany, Ingelsk Romani, Romany-Ingelsk, Romani-Ingelsk, Romanichal, Romanis, Pogadi Chib, Posh 'n' Posh | |
eigen namme | Romanichal | |
lânseigen yn | it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân | |
tal sprekkers | 250.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Noardwestgermaansk - Angelsaksysk - Anglo-Romany | |
dialekten | ? | |
taalstatus | ||
offisjele status | it Anglo-Romany genietet nearne erkenning as minderheidstaal | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | gem | |
ISO 639-3 | rme |
It Anglo-Romany is in taal fan wenweinbewenners (net te betiizjen mei Sigeuners), dy't al mear as fiifhûndert jier yn 'e Britske dielen (Ingelân, Wales en Skotlân) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân sprutsen wurdt. Yn 'e lêste 150 jier hat it him boppedat ferspraat nei de oare Angelsaksyske lannen.
De namme Anglo-Romany wurdt ek wol stavere as: Anglo-Romani, Angloromany of Angloromani. Oare nammen foar dizze taal binne: Ingelsk Romany, Ingelsk Romani, Romany-Ingelsk, Romani-Ingelsk, Romanichal, Romanis, Pogadi Chib en Posh 'n' Posh.
De skattings fan it tal sprekkers fan it Anglo-Romany rinne útinoar fan 170.000 oant 270.000, mar de measte komme earne tichteby 250.000 út. Dêrfan libje sa'n 90.000 oant 145.000 yn Grut-Brittanje, likernôch 100.000 yn 'e Feriene Steaten en Kanada, 5.000 yn Austraalje en in pear tûzen yn Súd-Afrika.
It Anglo-Romany is in mingtaal fan Ingelsk en Romany, de taal fan 'e Sigeuners. De klassifikaasje as in Germaanske taal is dêrom ûnder taalkundigen noch altyd kontroversjeel. De grammatika fan it Anglo-Romany is yn prinsipe Ingelsk, wylst de wurdskat foar in grut part út it Romany komt.
Yn 1990 skreau de taalkundige I. Hancock: "De Anglo-Romany-sprekkende populaasje moat beskôge wurde as mear wisberet om syn etnyske taal te behâlden as guon oare Britske minderheden".