Ankeveen

lizzing Ankeveen
tsjerke Ankeveen
Regthuis Ankeveen
Ankeveen
Ankeveen
Ankeveense Plassen

Ankeveen is in plak yn de gemeente Widemarren yn de provinsje Noard-Hollân.

It doarp hat 1530 ynwenners (2004) en twa tsjerken. De roomske tsjerke is fan 1928 en is wijd oan de hillige Martinus. De protestantske tsjerke wurdt net mear brûkt.

Ta Ankeveen hearre ek de bûten de eigentlike buorren lizzende Herenweg en Cannenburgerweg, wêrfan de bebouwing direkt oanslút op dy fan Grevelân.

Ankeveen hat in aktyf ferieningslibben. Der is jierliks in optocht mei karnaval; it doarp neamt harsels dan 'Schuimlikkerveen'. By iisrike winters komme in soad minsken nei Ankeveen om te riden: der is in natueriisbaan en de iisklup set tochten út op de Ankeveense Plassen. Ek sit yn Ankeveen op it terrein De Molen de naturisteferiening Amsterdamse Lichtbond (ALB). Op inisjatyf fan de Stiching Bruisend Ankeveen is der ûnder oare elke sneon in merk op it plein by de tsjerke.

Yn de eardere poldermole Hollandia sint tsjintwurdich in restaurant.

De Ankeveense Plassen ten westen fan it doarp binne feanplassen dy't ûntstien binne troch turfwinning. Utsein op redens of mei in ekskurzje fan eigener Natoermonuminten is it wetter fan it natoergebiet net tagonklik. Der binne wol wannelpaden útsetten sadat tusken de plassen troch kuiere wurde kin.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne