Anna Leonowens | ||
Portret fan Anna Leonowens troch Robert Harris (1849-1919) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anna Harriette Leonowens | |
oare namme | Anna Harriet Emma Edwards | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 5 novimber 1831 | |
berteplak | Ahmednagar (Britsk-Ynje) | |
stoarn | 19 jannewaris 1915 | |
stjerplak | Montreal (Kanada) | |
etnisiteit | Ingelsk Yndiaask | |
wurkpaad | ||
berop/amt | gûvernante, ûnderwizeresse | |
aktyf as | skriuwster, sosjaal aktiviste | |
jierren aktyf | 1862 – 1915 | |
bekendste wurk(en) |
The English Governess at the Siamese Court |
Anna Leonowens (folút: Anna Harriette Leonowens; berne as: Anna Harriet Emma Edwards; Ahmednagar (Britsk-Ynje), 5 novimber 1831 – Montreal (Kebek), 19 jannewaris 1915) wie in Ingelsk ûnderwizeresse, dy't ek aktyf wie as reisferhaleskriuwster en sosjaal aktiviste. Hja waard bekend troch har autobiografyske ferslach fan 'e perioade yn 'e 1860-er jierren dat se oan it keninklik hof fan kening Mongkut fan Siam tsjinne, as gûvernante fan 'e bern fan 'e kening. Hja publisearre dat yn 1870 ûnder de titel The English Governess at the Siamese Court, dêr't Margaret Landon yn 1944 har bestseller-roman Anna and the King of Siam op basearre. Yn 1951 waard dy roman omset yn in toanielmusical mei as titel The King and I, wêrfan't yn 1956 de ferneamde ferfilming The King and I makke waard. By har libben wenne Leonowens yn Britsk-Ynje, Aden (miskien), Austraalje, Singapoer, Bangkok, Ingelân, de Feriene Steaten en Kanada. Hja wie in suffrazjette dy't aksje fierde foar it frouljuskiesrjocht en ien fan 'e oprjochters fan it Nijskotlânsk Kolleezje fan Keunst en Untwerp.