Annabel Lee | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Annabel Lee | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
1e publikaasje | 1849 | |
bondel | The Works of the Late Edgar Allan Poe | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Annabel Lee | |
publikaasje | 1949, yn De Tsjerne | |
oersetter | Dam Jaarsma |
Annabel Lee of Auck van der Leij, yn it oarspronklike Ingelsk: Annabel Lee, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It wie it lêste gedicht dat Poe foar syn dea foltôge, en is nei The Raven miskien wol syn bekendste dichtwurk. Krekt as faker yn syn wurk, is it ûnderwerp in ferlerne leafde, dêr't in treurjende minner noch altyd mei ompakt. Troch de jierren hinne hat der witwat diskusje west oer de fraach wa't de ynspiraasje foar Annabel Lee wie; hoewol't withoefolle froulju dêrfoar yn oanmerking komme, is Poe syn eigen frou, Virginia Eliza Clemm Poe, dochs de wierskynlikste gadingmakster.
Annabel Lee, dat út seis kûpletten fan wikseljende lingte en wikseljend rymskema bestiet, datearret nei alle gedachten fan maaie 1849. It waard foar it earst publisearre yn oktober 1849, twa dagen nei Poe syn dea, yn 'e New Yorkske krante de Daily Tribune, as ûnderdiel fan syn deaberjocht. Dat wie lykwols in ûnautorisearre printige; de earse autorisearre publikaasje wie yn jannewaris 1850. De earste Fryske oersetting fan Annabel Lee, fan Dam Jaarsma, datearret út 1949