Antonius en Kleopatra

Antonius en Kleopatra
algemiene gegevens
oarspr. titel Anthony and Cleopatra
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1606-07
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Antonius en Cleopatra
publikaasje 1969, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Antonius en Kleopatra, yn it oarspronklike Ingelsk: Antony and Cleopatra (folút eins: The Tragedy of Antony and Cleopatra), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in trageedzje, dy't ferhellet fan 'e leafdesskiednis fan 'e Romeinske magnaat en legeroerste Markus Antonius en de Egyptyske keninginne Kleopatra VII. De rol fan Kleopatra wurdt beskôge as ien fan 'e meast yngewikkelde frouljusrollen út Shakespeare syn oeuvre. It stik kin sjoen wurde as in ferfolch op Shakespeare syn eardere trageedzje Julius Caesar. Antonius en Kleopatra is nei gedachten skreaun is yn jierren 1606-1607, hoewol't party saakkundigen it ierder datearje, yn 1603-1604. It waard foar it earst útjûn yn 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1969.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne