Apeldoarn Apeldoorn | |
---|---|
![]() Stedhûs fan Apeldoarn | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
boargemaster | Ton Heerts (PfdA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Apeldoarn |
grutste plak | Apeldoarn |
ynwennertal | 168.193 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 492 /km² |
oerflak | 341,15 km² |
● wêrfan lân | 339,89 km² |
● wêrfan wetter | 1,26 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 10 |
ferkearsieren | A1, A50, N344, N345 Spoar fan Amsterdam nei Sutfen |
skiednis | |
oprjochte | 1811 |
oar | |
netnûmer | 055, 0577 |
postkoade | 3888, 7300-7339, 7341, 7345-7346, 7348, 7350-7352, 7360-7361, 7364, 7370-7371, 7380-7381 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.apeldoorn.nl |
Apeldoarn[1] (Nederlânsk en offisjeel: Apeldoorn; Nedersaksysk: Apeldoorne ) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. De gemeente hat 168.193 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 341 km². De gemeente Apeldoarn waard oprjochte yn 1811.
Haadplak fan de gemeente is de stêd Apeldoarn. It westlike part fan de gemeente leit op de eastlike flank fan de Feluwe en bestiet út driuwwâlen mei heide en bosk. It heechste punt fan de gemeente is de Torenberg mei in hichte fan 107 meter boppe NAP. De stêd Apeldoarn leit op de râne fan de Feluwe.