Arabysk-Perzysk skrift

It Arabysk-Perzysk skrift, ek wol koartwei it Arabysk skrift neamd (Arabysk: الأبجدية العربية, al-abdschadiyya al-ʿarabiyya) is in konsonanteskrift dat yn earste ynstânsje foar it Arabysk ûntwikkele is. Letter is it, mei de fersprieding fan 'e islaam, ek troch oare talen yn gebrûk nommen, lykas it Perzysk, it Oerdû, it Pataansk en (histoarysk) it Turksk. It Arabysk-Perzyske skrift is gjin alfabet, want it jout de fokalen net of mar hiel rudimintêr wer. It bestiet út 28 letters en wurdt fan rjochts nei links skreaun.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne