Arapaho | |
---|---|
Ferneamde Arapaho. Boppeste rige f.l.n.rj.: Lofterhân, Carl Sweezy, Burnu Acquanetta; twadde rige: Tsjeppe Noas, Peter DePoe, Lytse Raven. | |
flagge | |
Noardlike Arapaho | Súdlike Arapaho |
populaasje | |
oantal | 14.000 (2011/14) |
taal | Arapaho (ek Ingelsk) |
godstsjinst | kristendom, natoerreligy, synkretisme |
erkenning | |
steatsdragend folk | gjin eigen steat |
erkende minderheid | Feriene Steaten |
fersprieding | |
Feriene Steaten: | 14.000 |
● Wyoming: | 9.900 |
● Oklahoma: | 4.000 |
De Arapaho (Ingelsk: Arapaho of Arapahoe) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat oant djip yn 'e njoggentjinde iuw grutte dielen fan 'e hjoeddeistige Amerikaanske steaten Wyoming, Kolorado, Nebraska, Montana, Kansas en Oklahoma behearske. Hja ûnderholden fan âlds in politike en militêre alliânsje mei de oan har besibbe Sjajinnen (Cheyenne), en stiene sadwaande ek faak oan 'e kant fan 'e Sû (Sioux), dat ek Sjajinske bûnsgenoaten wiene. De Arapaho-taal heart ta de Algonkwynske famylje en is it naust besibbe oan 'e taal fan 'e Gro Wânt (Gros Ventre). Tsjin 1850 wiene de Arapaho útinoar fallen yn twa folksdielen, de Noardlike Arapaho en de Súdlike Arapaho. Tsjintwurdich diele de Noardlike Arapaho mei de Eastlike Sjosjoanen it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming, wylst de Súdlike Arapaho mei de Súdlike Sjajinnen yn westlik Oklahoma libje.