Attawapiskat | ||
geografy | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
ûntspringt yn | Attawapiskat-mar | |
mûnet út yn | Jamesbaai | |
plakken | Attawapiskat (Ontario) | |
sydstreamen | Streatfeild, Muketei, Missisa | |
fertakkings | Lawashi Channel | |
sifers | ||
lingte | 748 km | |
hichte boarne | 241 m | |
hichte mûning | 0 m | |
ferfal | 241 m | |
ôfwetteringsgeb. | 50.500 km² | |
ôffier (mûning) | 626 m³/s |
De Attawapiskat is in rivier yn it noarden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, dy't oer in lingte fan 748 km fan west nei east streamt troch it distrikt Kenora. De rivier ûntspringt yn 'e Attawapiskat-mar, dêr't de Otoskwin, de Pineimuta en de Marten-Drinking gearfloeie, en mûnet út yn 'e Jamesbaai, it súdlikste diel fan 'e Hudsonbaai. It ôfwetteringsgebiet fan 'e Attawapiskat beslacht in oerflak sa'n 50.500 km².