Aurra Sing personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | Palliduvaansk | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | preemjejager | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Boba Fett Hondo Ohnaka Tobias Beckett | |
geastlike heit | Doug Chiang | |
ûntstean | 1999 |
Aurra Sing is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja is in froulike preemjejager dy't ta it bûtenierdske ras fan 'e Palliduvanen heart. Sing waard troch Lucasfilm-meiwurker Doug Chiang ûntwikkele foar de film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), dêr't se úteinlik inkeld in koarte cameo yn hie. Se spile in prominintere rol yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. De rol fan Sing waard yn The Phantom Menace spile troch aktrise Michonne Bourriague, wylst de dialooch fan it personaazje yn The Clone Wars ynsprutsen waard troch stimaktrise Jaime King.