Austin | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 842.592 (2012) | |
Oerflak | 704 km² (ynkl. wetter) 686,1 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.292,1 / km² | |
Stêdekloft | 1.834.303 (2012) | |
Hichte | 149 m | |
Oar | ||
Stifting | 1835 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 30°16′02″N 97°44′35″W | |
Offisjele webside | ||
www.austintexas.gov | ||
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Austin yn Travis County en yn 'e steat Teksas. |
Austin (útspr.: ['ɔ:stən]; likernôch: "ôs-tun") is de haadstêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Teksas. Yn geografysk opsjoch leit it sintraal yn 'e steat, oan 'e rivier de Kolorado, op in hichte fan 149 m boppe seenivo. Austin is teffens it haadplak fan it omlizzende Travis County, al stekke guon bûtenwiken fan 'e stêd út oer de grinzen fan Williamson County en Hays County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Austin doe goed 840.000 ynwenners, wêrmei't it de fjirde stêd fan Teksas is (nei Houston, San Antonio en Dallas) en de alfde posysje ynnimt op 'e ranglist fan 'e grutste stêden fan 'e Feriene Steaten. It is fierders it sintrum fan 'e stêdekloft Grut-Austin, dy't in befolking fan rom 1,8 miljoen minsken hat.