Azarja | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | אזריה ("Azaryah") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk of Arameesk (?) | |
foarm | gebed | |
skreaun | 2e – 1e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Apokrife taheakken oan it A.T. | |
● foarich diel | Ester (Gryksk) | |
● folgjend diel | Suzanne | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Azarja | |
publikaasje | 1978, Haarlim/Bokstel | |
útjouwer | NBG & KBS | |
oersetter | pater S. Galama ofm | |
ISBN oers. | 9 06 12 60 817 |
Azarja, yn it Hebriuwsk: אזריה, Azaryah, ek wol it Liet fan Azarja of It Gebed fan Azarja en de Lofsang fan 'e Trije Jongfeinten neamd, is in apokrife tafoeging oan Daniël, in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach en yn it Alde Testamint fan 'e Bibel sa't dat yn gebrûk is ûnder de protestantske denominaasjes is allinnich de tekst fan Daniël werjûn neffens it Hebriuwsktalige orizjineel, dus sûnder Azarja of de oare Taheakken op it Boek Daniël (Suzanne en Bel en de Draak). De Anglikaanske Tsjerke lit Azarja ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, heart Azarja wol ta de kanon en foarmet it gewoan in passaazje yn it boek Daniël (ynpast tusken Dan. 3:23 en 3:24). En yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken, dy't de gearstalling fan 'e Septuaginta, de iere Grykske bibeloersetting, oanhâlde, is dat krekt-en-gelyk. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 wurdt Azarja mei de oare beide tafoegings oan Daniël fermeld by de apokrife boeken as in taheakke by it Alde Testamint.
Azarja omfettet it gebed fan 'e Joadske balling Azarja, in koarte oergong fan proaza en de lofsang fan him en syn beide maten Chananja en Misjael. Azarja is oerlevere yn it Gryksk, it Latyn en it Syrysk, mar net yn it Hebriuwsk, noch wurdt dernei ferwiisd yn lykfol hokker oerlevere Hebriuwske tekst. De oarsprong fan 'e tekst is sadwaande obskuer, en it is ûndúdlik oft der wol ea in Hebriuwske ferzje fan bestien hat, al hawwe frijwat hjoeddeiske bibelwittenskippers en taalhistoarisy op grûn fan tekstûndersyk fêststeld dat der nei alle gedachten oarspronklik al in ferzje yn in Semityske taal (Hebriuwsk of Arameesk lykje it meast foar de hân te lizzen) bestien hat, dêr't oerlevere farianten op basearre binne. In datearring fan 'e tekst is ek problematysk, mar de measte saakkundigen tinke oan de earste of twadde iuw f.Kr.