Baja Studios | ||
![]() | ||
De opnamen yn 'e Baja Studios fan Master and Commander: The Far Side of the World yn 2003. | ||
algemien | ||
hist. namme | Fox Baja Studios | |
nasjonaliteit | ![]() | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Rosarito | |
oprjochte | 1996 | |
oprjochter | 20th Century Fox | |
eigner | Baja Acquistions | |
offisjele webside | ||
www.bajafilmstudios.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Meksiko.
|
De Baja Studios (útspr.: [ˈbaːha ˈstudioʊz], likernôch: "baa-ha stû-di-ooz") binne in studiokompleks op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. It leit by it plak Rosarito, yn 'e steat Nederkalifornje (Spaansk: Baja California), deunby de grins mei de Amerikaanske steat Kalifornje. It waard yn 1996 oprjochte troch de Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox en droech lange tiid de namme fan 'e Fox Baja Studios. De Baja Studios steane bekend om 'e soundstages mei wrâlds grutste wettertank, bedoeld foar de opnamen fan films en tillefyzjesearjes dy't op folle see spylje. Der binne films opnommen lykas Titanic, Tomorrow Never Dies, Pearl Harbor en Master and Commander: The Far Side of the World.