Bart Veldkamp

Bart Veldkamp
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bart Veldkamp
nasjonaliteit Nederlânsk
Belgysk
bertedatum 22 novimber 1967
berteplak De Haach
lingte 1.81 m
gewicht 84 kg
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Tignes-Albertville 1992,
Lillehammer 1994,
Nagano 1998,
Salt Lake City 2002,
Turyn 2006
debút 1989
karriêre-ein 2006
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1992
2x brûns Olympyske Spullen 1994, 1998
3x brûns WK allround 1990, 1991, 2001
Bart Veldkamp
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Bart Veldkamp mei Ria Visser (2006)
Bart Veldkamp mei Ria Visser (2006)
wurkpaad
wurksum as Analist
medium tillefyzje
wurksum by NOS
jierren aktyf 2006 - ????

Bart Veldkamp (De Haach, 22 novimber 1967) is in earder Nederlânsk-Belgysk reedrider en reedrydtrainer. Veldkamp skreau him yn 1995 yn as ynwenner fan Belgje, sadat er fan 1996 ôf útkomme koe as reedrider foar Belgje, om sa it Nederlânske kwalifikaasje gebliksem te omsilen.[1]. Yn 1997 bemachtige Veldkamp ek de Belgyske nasjonaliteit krekt op'e tiid foar de Winterspullen fan 1998.

Hy die fjirtjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fyftjin kear oan it Europeesk kampioenskip allround en fiif kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1992, 1994, 1998, 2002 en 2006). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Europeesk kampioen allround en ien kear Olympysk kampioen. Hy waard ek ien kear Belgysk allround kampioen. Yn 1997 ried er as wedstriidrider de Alvestêdetocht fan 1997 út. Nei de spullen fan 2006 hold Veldkamp op mei it reedriden op heech nivo. Hy waard dernei analist by de NOS. En fan 2007 oant en mei 2016 wie Veldkamp aktyf as reedrydtrainer. Sûnt in oantal jier is Veldkamp iismaster op de natoeriisbaan Nornett stadion, yn it Noarske Alta.

  1. Ljouwerter Krante, 27-7-1995, Belg Bart Veldkamp gaat niet andersom rijden

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne