Bassie en Adriaan (Bas en Aad van Toor) wie in Nederlânsk artysteduo. Harren earste aktiviteiten ûnder dizze namme wienen yn 1976, mar se waarden foaral ferneamd mei ferskate telefyzjesearjes (1978-1996), foarstellings en 'merchandising'. De telefyzjesearjes wienen ôfgryslik populêr en binne noch hieltyd ien fan de ferneamdste Nederlânske bernesearjes.