Berwick-upon-Tweed | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Lânsdiel | ![]() | |
Regio | ||
Greefskip | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 12.043 (2011) | |
Oerflak | 25,96 km² | |
Befolkingsticht. | 463,9 / km² | |
Oar | ||
Stifting | Iere Midsiuwen | |
Tiidsône | UTC | |
Simmertiid | UTC +1 | |
Koördinaten | 55°46′09″N 2°00′09″W | |
Offisjele webside | ||
www.berwick-tc.gov.uk | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Berwick-upon-Tweed yn Ingelân en yn it greefskip Noardumberlân.
|
Berwick-upon-Tweed (útspr.: ['bɛrɪk əpɔn twi:d], likernôch "berrik uppòn twiid") is in stêd (town) yn it Ingelske greefskip Noardumberlân. It leit 4 km besuden de Skotske grins oan 'e kust fan 'e Noardsee en de mûning fan 'e rivier de Tweed. Newcastle-upon-Tyne leit 105 km nei it suden ta, en de Skotske haadstêd Edinburch 90 km nei it noarden ta. Berwick-upon-Tweed is de noardlikste stêd fan Ingelân, en hearde oant 1482 by Skotlân. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie it plak doe goed 12.000 ynwenners.