Biessum | ||
![]() | ||
Lokaasje fan Biessum yn de eardere gemeente Delfsyl | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Plak | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 50 | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 20' 2" NB, 6° 53' 53" EL |
Biessum is in buorskip op in terp (wier) yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. It leit tsjin Delfsyl oan. Biessum leit op - eins om - in terp/wier - hinne, dy't ta de bêst bewarre yn de provinsje Grinslân heart. De oarspronklike stjerfoarmige ferkaveling is noch hielendal werom te finen. De wenningen en boerepleatsen stean oan de oksegong De Ossenweg, dy't noch yntakt is. De eastlike ferkaveling is foar in part ferdwûn troch utwreidingen fan Delfsyl. Tusken de stienbakkerij fan Hylkema en Biessum rint it Biessumermaar. Dat wetter waard brûkt om beamstammen te ferfieren nei de klompemakkerij oan de Ossenweg 4.