Bighorn-ekspedysje
|
|
datum: |
1 maart – 26 maart 1876
|
plak: |
noardlik Wyoming en súdlik Montana
|
útkomst: |
ympasse
|
konfliktpartijen
|
|
befelhawwers
|
|
sterkte
|
|
ferliezen
|
4-6 deaden 3 ferwûnen
|
4 deaden 8 ferwûnen
|
|
|
|
De Bighorn-ekspedysje, ek wol stavere as Big Horn-ekspedysje, wie in militêre ekspedysje fan it Amerikaanske Leger tsjin 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen yn it noarden fan Wyoming en it suden fan Montana yn maart 1876. By dizze fjildtocht besochten Amerikaanske troepen ûnder lieding fan brigadegeneraal George Crook yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 om 'e Yndianen te twingen om 'e Black Hills op te jaan en harren te fêstigjen yn 'e reservaten dy't oan harren tawiisd wiene.