Biohazard | ||
band | ||
Biohazard yn 2003 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | metal | |
bestean | 1987–2006 2008–2016 (hiatus) | |
label(s) | Mercury, Nuclear Blast, Roadrunner, Sanctuary, Warner Bros. | |
âld-leden | Anthony Meo drums (1987–1988) Rob Echeverria (gitaar) (1996–2000) Leo Curley (gitaar) (2000–2002) Carmine Vincent (gitaar) (2002) Evan Seinfeld (sang & bas) (1987–2006), (2008–2011) Scott Roberts(gitaar) (2002–2005), (bas & sang) (2011–2016) | |
leden | ||
sang & gitaar | Billy Graziadei | |
gitaar | Bobby Hambel | |
drums | Danny Schuler |
Biohazard is in Amerikaanske metal-band dy't yn jannewaris 1987 oprjochte is. Hja wiene ien fan de earste bands dy't punk en metal mjuksen mei eleminten fan hiphop. De bandnamme betsjut biologysk gefaar. Yn 2006 stoppen hja mei de band, mar yn 2008 giene se wer fierder, om dêrnei yn2016 wer in pauze yn te laskjen neidat bassist en sjonger Scott Roberts de band ferlitten hie. Yn 2019 makken hja dúdlik dat Biohazard noch altyd in aktive band is en dat se wer mei in nij album begjinne as de tiid dêr is.