Bisdom Regensburg | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Aartsbisdom | München en Freising | |
Biskopssit | Regensburg | |
Katedraal | Dom fan Regensburg | |
Patroanhillige | Wolfgang fan Regensburg | |
Hiemside | bistum-regensburg.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 739 | |
Stifter | Bonifatius | |
Hierargy | ||
Biskop | Rudolf Voderholzer | |
Statistyk | ||
Oerflak | 14.665 km² | |
Befolking | 1.741.900 (31.12.2018) | |
Wêrfan katolyk | 1.158.482 (66,5%) (31.12.2018) | |
Dekenaten | 33 (31.12.2014) | |
Parochy's | 631 (31.12.2018) | |
Lokaasje bisdom Regensburg yn Dútslân. |
It bisdom Regensburg (Dútsk: Bistum Regensburg; Latynsk: Dioecesis Ratisbonensis) is in roomsk bisdom yn Dútslân.
It bisdom bestiet sûnt it jier 739 en waard troch Bonifatius ynsteld. De earste biskop wie Gaubald. Biskop Wolfgang stifte yn it jier 975 it âldste jongeskoar fan 'e wrâld, de Regensburger Domspatzen.
De sit fan it bisdom is yn Regensburg, dêr't de domtsjerke stiet. It bisdom leit yn it noardeastlike diel fan Beieren. Wat oerflak oanbelanget is Regensburg it grutste bisdom fan Beieren.
Sûnt 1817 is it bisdom suffragaan oan it aartsbisdom München en Freising. Patroanhillige fan it bisdom is Wolfgang fan Regensburg.