Blurred Lines

Blurred Lines
algemiene ynformaasje
artyst Robin Thicke
(feat. T.I. en Pharrell Williams)
album Blurred Lines
taal Ingelsk
sjenre R&B, dance-pop, funk
útbrocht 26 maart 2013
opnommen 2012
doer 4:23
label Star Trak Recordings
skriuwer Robin Thicke, Pharrell Williams, T.I.
komponist Pharrell Williams, Robin Thicke
produsint Pharrell Williams
resultaten
ferkocht 14,8 miljoen stiks
hitlisten nû. 1 yn 22 lannen
sertifisearre (diamant oftewol 12× platina)
sjoch fierder by Resultaten

Blurred Lines ("Ferdizene Grinzen") is in liet dat op 26 maart 2013 as single útbrocht waard yn in útfiering troch de Amerikaanske sjonger Robin Thicke, mei meiwurking fan 'e sjongers T.I. en Pharrell Williams. It makke ek diel út fan Thicke syn album mei deselde namme. Blurred Lines waard fierhinne skreaun troch Pharrell Williams yn 2012, dy't him dêrby nei eigen sizzen ynspirearje liet troch it nûmer Got to Give It Up, fan Marvin Gaye, út 1977, al hold Thicke letter yn in fraachpetear mei it parseburo Reuters út dat hysels ek in wichtich oandiel yn it skriuwen fan it liet hân hie. Blurred Lines, dat in mjuks fan R&B, dance-pop en funk is, waard produsearre troch Pharrell Williams foar platemaatskippij Star Trak Recordings.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne