Bob Dylan (berne as Robert Allen Zimmerman; Duluth (Minnesota), 24 maaie 1941) is in Amerikaansk sjonger, lietsjeskriuwer en byldzjend keunstner. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e meast ynfloedrike muzikanten út 'e moderne muzykskiednis. Yn 2016 wûn er foar syn oeuvre de Nobelpriis foar de Literatuer.
Dylan syn poëtysk en maatskippij-kritysk wurk is troch in soad oare artysten útfierd. Ferskate grutte nammen út 'e muzykyndustry tankje har súkses foar in grut part oan 'e nûmers fan Dylan, lykas The Birds mei Dylans Tambourine Man en Joan Baez (Dylans earste frou) mei û.o. Knockin' On Heavens Door. Yn Fryslân hawwe Ernst Langhout en Johan Keus twa cd's makke mei Dylan-lieten yn oersetting fan Harmen Wind, en teffens ferskynde in sammel-cd fan alve artysten mei lieten fan Dylan ûnder de titel Earder as Letter.
Bob Dylan syn typyske nasale stim brocht guon kritisy derta om te sizzen dat de minste fertolker fan Dylan syn oeuvre Bob Dylan sels is. Dochs hat er mei syn eigen styl en hast einleas repertwaar in soad fans. Oant hjoed de dei ta bringt Dylan nij wurk út en jout er geregeldwei rûnom yn 'e wrâld konserten.