Boba Fett personaazje út Star Wars | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske (Mandaloriaan) | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berop/amt | preemjejager | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Jango Fett Jabba de Hutt Han Solo Darth Vader Din Djarin | |
attributen | wapenris | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1978 |
Boba Fett is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, betocht troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Mandaloriaanske preemjejager klaaid yn in metalen wapenris "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Boba Fett ferskynde foar it earst yn 'e Star Wars Holiday Special (1978), mar waard it bekendst út 'e films Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Yn dy lêste film falt er yn 'e sarlacc en liket dêrmei oan syn ein te kommen, mar út lettere wurken fan 'e Star Wars-franchise docht bliken dat er it oerlibbet. Yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) komt syn oarsprong oan it ljocht as kloan en oannommen soan fan Jango Fett, in oare Mandaloriaanske preemjejager. Yn 2021 kaam de live-actiontillefyzjesearje The Book of Boba Fett, dy't om him draait, beskikber fia de streamingtsjinst Disney+.