Boppe Tsjonger

De Boppe Tsjonger (Stellingwerfsk Kuunder) is in rivierke yn de gemeente Eaststellingwerf yn de provinsje Fryslân).

De Boppe Tsjonger is de oarspronklike bopperin fan de kanalisearre Tsjonger. It wetter begjint as fuortsetting fan it Hauler Djip súdwest fan De Haule. It rint nei it westen, krúst de N918, de Gaere Zwette. Dan rint er nei it suden en krúst by Prandingea oan de noardwestkant fan Easterwâlde it Grutdjip. Fierderop leit in grûndûker ûnder de Opsterlânske Kompanjonsfeart troch. Dy ferbynt de Boppe Tsjonger mei de Tsjonger en einiget neist Slûs III.

De Boppe Tsjonger is 8,6 kilometer lang en foarme foar it rjochtlûken fan de Tsjonger ien rivier. Skipfeart is net mooglik troch de keardammen yn de rivier. De Boppe Tsjonger wurdt beheard troch it Wetterskip Fryslân, foarhinne wiene dat de wetterskippen "Sevenwolden", "Tjonger Kompanjonsvaarten" en "Boven Tjonger-Grootdiep".


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne