Brief fan Jeremia

Brief fan Jeremia
algemiene gegevens
oarspr. titel איגרת ירמיהו
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±300 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Apokrife taheakken oan it A.T.
● foarich diel Barûch
● folgjend diel 1 Makkabeeërs
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Brief fan Jeremia
publikaasje 1978, Haarlim/Bokstel
útjouwer NBG & KBS
oersetter H. Dijkstra
ISBN oers. 9 06 12 60 817

It Brief fan Jeremia, yn it Hebriuwsk: איגרת ירמיהו, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel, besteande út ien inkeld haadstik fan 72 fersen mei in opskrift foarôfgeande oan fers 1. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt it Brief fan Jeremia troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels (as haadstik 6 fan it boek Barûch), mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as sechsde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet it Brief fan Jeremia wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, as haadstik 6 fan it boek Barûch, dat tusken Kleilieten en Ezechiël yn stiet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e measte eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, al wurdt it dêr as apart bibelboek tafoege. Yn 'e bibel fan 'e Koptyske en de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke binne Jeremia, Kleilieten, Barûch en it Brief fan Jeremia gearboske ta ien boek ûnder de titel Jeremia.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne