De Brieven fan Paulus of de Paulinyske Brieven (yn ingere sin) beslane 9 fan 'e 21 brieven yn it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. Dat binne brieven dy't skreaun binne troch de apostel Paulus oan ier kristlike gemeenten yn Rome, Lyts-Aazje en Grikelân. Yn bredere sin hearre ek de 5 Pastorale Brieven ta de Brieven fan Paulus, mei't Paulus ek dêrfan de auteur wie. Under de Brieven fan Paulus binne guon fan 'e ierste kristlike dokuminten, dy't in seldsum ynsjoch jouwe yn 'e leauwenswrâld fan en de strideraasjes mank de iere kristenen. As ûnderdiel fan 'e kanon fan it Nije Testamint foarmje se boppedat in wichtich part fan 'e grûnslach fan it kristlik leauwe. Se besteane út kristlike leare, rie, ûnderrjocht en it oplossen fan in soad foarkommende swierrichheden yn ier kristlike mienskippen.