Brigitte Bardot

Brigitte Bardot
akteur
Brigitte Bardot yn 1962
Brigitte Bardot yn 1962
persoanlike bysûnderheden
echte namme Brigitte Anne-Marie Bardot
nasjonaliteit Frânsk
berne 28 septimber 1934
berteplak Parys
jierren aktyf 1952-1973
Brigitte Bardot yn 1968
Brigitte Bardot yn 2002
Stânbyld fan Brigitte Bardot yn Brazylje.

Brigitte Anne-Marie Bardot, ek wol BB neamd, (Parys, 28 septimber 1934) is in Frânsk earder fotomodel, sekssymboal, aktrise en sjongster.

Brigitte Bardot hat yn totaal 48 films makke. Yn 1958 briek hja ynternasjonaal troch mei Roger Vadim's "Et Dieu créa la femme", wêryn't sy it weesfamke Juliette spile. De film feroarsake in sensaasje yn de Feriene Steaten en brocht Bardot wrâldferneamdens.

Brigitte Bardot wie it bêst op har plak yn lichte komeedzjes, dêr't hja in dúdlik talint foar hie. In goed foarbyld derfan is 'Une Parisienne' út 1957; nei't sy sels sein hat ien fan de pear films wêr't hja grutsk op is.

Sûnt de jierren 70 is Bardot warber as bisterjochteäktiviste en set sy har yn foar natuerbehâld op it skiereilân efter St. Tropez. Bardot har mienings oer saken sa as ymmigraasje, de islam en homoseksualiteit binne kontroversjeel en hawwe har reputaasje yn de rin fan de jierren gjin goed dien.

Sy hat ien bern, Nicolas-Jacques Charrier (berne yn 1960).


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne