British Academy Film Award

British Academy Film Award
(BAFTA)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
útrikt foar film
útrikt troch British Academy of Film and
   Television Arts
frekwinsje 1x jiers
datum mids febrewaris
plak Londen (Ingelân)
ynsteld 1947
1e útrikking 1948
offisjele webside
www.bafta.org

De British Academy Film Awards binne de wichtichste Britske filmprizen, dy't jierliks yn in grut tal kategoryen útrikt wurde. Nei it akronym fan 'e útrikkende organisaasje, de British Academy of Film and Television Arts, wurde se ek wol de BAFTA's neamd. Se wurde rûnom beskôge as de Britske wjergaders fan 'e Amerikaanske Oscars. De BAFTA's besteane sûnt 1947, en kinne wûn wurde troch sawol Britske as bûtenlânske Ingelsktalige (benammen Amerikaanske) films. Allinnich de kategoryen "bêste koarte film", "bêste koarte tekenfilm", "treflik debút" en de Outstanding British Contribution to Cinema Award binne reservearre foar Britske produksjes.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne