Britsk-Ynje British India | |
---|---|
1612 – 1947 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Nij-Delly |
offisjele taal | Ingelsk |
steatsfoarm | keizerryk |
ûntstien út | grut ferskaat oan lânseigen foarstedommen |
opgien yn | ● Birma ● Yndia ● Pakistan ● Súd-Jemen |
no diel fan | ● Banglades ● Birma ● Yndia ● Jemen ● Pakistan |
sifers | |
ynwennertal | 215 miljoen(1937) |
befolkingstichtens | 43,8 / km² |
oerflak | 4.903.312 km² (1937) |
bykommende ynformaasje | |
folksliet | God Save the King/Queen |
muntienheid | Britsk-Yndyske rûpy |
Britsk-Ynje is de oantsjutting foar de hiele Britske koloniale perioade fan it Yndiaaske subkontinint, begjinnend yn 1612, mei de fêstiging fan 'e earste Ingelske hannelspost op 'e kust fan Gûdjarat, oant de ûnôfhinklikheid fan Yndia en Pakistan yn 1947. Op syn hichtepunt omfette dizze Britske koloanje frijwol it hiele grûngebiet fan 'e hjoeddeiske steaten Yndia, Pakistan, Banglades en Birma, en dêrnjonken teffens de stêd Aden, op it Arabysk Skiereilân, oan 'e mûning fan 'e Reade See, dat letter de haadstêd waard fan Súd-Jemen en dat sûnt 1990 ûnderdiel útmakket fan it feriene Jemen. Sry Lanka, it eardere Seylon, bleau altiten in aparte koloanje, los fan Britsk-Ynje, wylst de Malediven, Nepal, Bûtan en it yn 1975 troch Yndia anneksearre Sikkim Britske protektoraten wiene, dy't likemin ea yn Britsk-Ynje yntegrearre waarden.