Brosjuere

In brosjuere (fan it Frânske brochure, "ynnaaid wurk", fan it tiidwurd brocher, "ynnaaie") is in boekje, meast yn printe foarm, fan lytse omfang. In brosjuere bestiet – yn tsjinstelling ta in folder – út meardere fellen teard papier, dy’t yn de rêch byinoar holden wurde (brosjearre binne) mei help fan bygelyks klammerkes. It tal siden is fan oarsprong altyd in meartal fan fjouwer. Mei de nijere (digitale) printtechniken is tearen lykwols lang net altyd mear oan de oarder en it meartal fan fjouwer siden ek net. Dochs wurde sokke dokuminten gauris brosjuere neamd.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne