Brugge | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Arrondissemint | Brugge |
Sifers | |
Ynwennertal | 117.377 (2014) |
Oerflak | 138,4 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 848,09 / km² |
Hichte | 2 m |
Oar | |
Webside | Webstee fan de gemeente |
Brugge is de haadstêd fan de Flaamske provinsje West-Flaanderen en it arrondissemint Brugge. De stêd leit yn it noardwesten fan Belgje.
De binnenstêd, de historyske kearn, is aaifoarmich en sa'n 430 hektare grut. De folsleine gemeente hat in oerflakte fan mear as 13.840 hektare (138,4 km²), wêrfan 193,7 hektare see, by Seebrugge. De gemeente hat mear as 117.000 ynwenners. Likernôch 20.000 dêrfan wenje yn it histoaryske sintrum.
Brugge hat in âlde skiednis as haadstêd fan it Greefskip Flaanderen en as belangrike stêd foar de Hânze (Brugge wie gjinien lid fan de Hânze).