Brulloft

In breid en brêgeman op harren brulloft.

In brulloft of in trouwerij is in feest dat fierd wurdt as twa minsken in houlik mei-inoar slute. Dêrby giet it meastal om in man en in frou, mar sûnt de ynfiering fan it homohoulik kinne it ek twa manlju of twa froulju wêze. De beneaming 'brulloft' wurdt ek wol brûkt om alle rituëlen mei oan te tsjutten dy't op 'e troudei plakfine. De tradysjes en brûkmen dy't mank geane mei in brulloft ferskille sterk per kultuer, lân, religy, sosjale klasse en etnisiteit. Oer it algemien kin steld wurde dat der troch de breid en brêgeman frijwol altyd trou-ûnthjitten útwiksele wurde, en faak ek ûnderlinge jeften (ringen, blommen, jild). Neitiid wurdt it houlik bekendmakke troch immen dy't beklaaid is mei in beskaat gesach. Fierders draacht men yn 'e regel de ferklaaiersklean, net inkeld it breidspear, mar ek de gasten. De houliksseremoanje wurdt faak folge troch in feest foar de gasten.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne