De Brunoanen, ek wol de foarsten fan Brunswyk neamd, wie in dynasty fan Fryske greven dy't yn de 11e iuw in skoftlang Mid-Fryslân, tusken Fly en Lauwers bestjoerd hawwe. Sy waarden greven fan Starum, Eastergoa, Westergoa en Iselgoa neamd. Letter krigen sy ek de rjuchten oer Hunzegoa en Fivelgoa yn Grins derby.